Moeting

Dyn loaits skimeret
as moarnsljocht tusken beammen.
Dyn seeblaue twinkels
treffe my yn eigen each.
As in lizzende klambôge
krôlet dyn glimk ek myn lippen.
Dyn rook fan ûnferjitlike krûpkes
huzet yn de hierkes op myn earm.
Us moetsjen is likernôch trije tuten.

© Carla van der Zwaag

1 febrewaris 2021

Yn ôfwachting

Underdûkt
yn it each fan de stoarm.
Jusjes knikkend.
In golle laits efter lapke.
Doeg of hoi of goeie sizze
is alles dat noch bynt.
In oare  toan,
yn langstme nei krûpkes en tuten.

© Carla van der Zwaag

1 febrewaris 2021