Goeie!

Yn myn bertedoarp, op de heuvels fan Gaasterlân, sei elkenien goeie tsjin elkoar. Fan jong ta âld en wy brûkten de foarnamme  der by. Fan jong ta âld. Goeie Sjirk, goeie Hindrik, goeie Sjoerdsje, Goeie Wibe, goeie Romkje, goeie, goeie, goeie,  goeie. Ek as je elkoar faker op de dei tsjin kamen, wie it wer goeie! It wie tefolle.

Yn myn earste wurkplak, ek in lyts doarp mar no op de klaai, sei ik ek altyd goeie tsjin de minsken dy’t ik tsjin kaam. Kaam ik dyselde persoan dy deis wer tsjin, dan koe it wêze dat je net goeie seinen, want dat hienen je al earder op de dei dien. En toch, it fielde as in plicht.

Doe’t ik letter yn in folle grutter doarp kaam te wenjen, sei ik net mear goeie en ik fielde in soarte fan frijheid.  Hearlik om sûnder te groetsjen dyn gong gean te kinnen.

En no, in heale ieu letter,  sis ik dochs sa no en dan wer goeie. It fielt net mear benearjend, it fielt net mear as in plicht. No pas kin ik der yn frijheid mei omgean. Hoi, goeie!

Freark Smink.